Teake van der Meer komt mei dvd

© Omrop Fryslân
De Fryske konferensier Teake van der Meer nimt takom wike tongersdei syn earste dvd op. Dat docht er yn teater De IJsherberg yn Dokkum. Hy sil foar de dvd ferskate konferenses, sketskes en typkes dwaan. Hy wurdt dêrby bystien troch syn fêste kollega's Minze Dijksma en Griet Wiersma.
Teake van der Meer stiet al mear as 40 jier op de planken. Hy lûkt net allinnich yn Fryslân folle sealen, mar ek op toernee troch Kanada en Amearika.