'Mear wenje yn sintrum Ljouwert'

15 feb 2005 - 19:36

It tempo om âlde, monumintale huzen yn de binnenstêd fan Ljouwert op te knappen, moat heger. Dêrom hat de Stifting Stedsherstel Ljouwert in gearwurkingsferbân mei de gemeente en wenningboukorporaasje Nieuw Wonen Friesland ûndertekene. Minimaal tsien wenten wurde fan no ôf jierliks oanpakt. Dat wiene yn it ferline mar 4.

Neffens Stedsherstel Ljouwert kinne der boppe de winkels yn it sintrum wenhuzen komme, om't dy etaazjes leechsteane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)