Riedslid boycot riedsgearkomsten

© Omrop Fryslân
It Boalserter Grien Links-riedslid Hilbrand Schuurmans komt net mear op riedsgearkomsten. Hy ferwyt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders ûnbehoarlik bestjoer. Sa jout it kolleezje min antwurd op krityske fragen en wurde ôfspraken net neikommen.
Schuurmans fynt dat hy likegoed skriftlik op- en oanmerkings oer it belied meitsje kin. Belied dêr't hy it folslein net mei iens is.