Fertochten oppakt foar oerfal

15 feb 2005 - 19:32

In 20-jierrige man út Stynsgea en trije minderjierrige ynwenners fan Gruttegast en Mearum binne oanhâlden foar de oerfal op it pompstasjon yn Bûtenpost. De fjouwer wurde ek fertocht fan in oerfal op in supermerk yn Lutjegast. By beide oerfallen brûkten se maskers. Yn Bûtenpost waard ek drige mei in mes.

De plysje tinkt dat de fertochten noch in oerfal op har gewisse hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)