Ekstra ynkomsten garnalefiskers

15 feb 2005 - 19:31

Garnalefiskers kinne har ynkomsten fergrutsje troch in nije útfining. In Wieringer hat in metoade betocht dêr't mokselsied mei opfiske wurde kin. Dat wurdt dien mei in boei, mei 1.000 meter tou deroan. Moksellarven hechtsje har oan it tou en soargje letter foar sied.

It mokselsied wurdt ferkocht oan bygelyks Sieuwske mokselkwekers. Dat moat de garnalefiskers jierliks sa'n 60.000 euro opsmite. Meikoarten wurdt de metoade test boppe Skiermuontseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)