De Kuinder te goedkeap ferkocht

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean hat by de ferkeap fan it terrein De Kuinder yn Hearrenfean goed 93.000 euro ferlern. Dat is alteast de berekkening fan de riedsfraksje fan Leefbaar Heerenveen.
De gemeente hat it terrein ferkocht oan in garaazjehâlder foar in te leech bedrach, seit Leefbaar Heerenveen. Boppedat kin in part fan it terrein dat noch oerbleaun is, net ferkocht wurde omdat it in ekologyske bestimming hat.