Frachtwein fan de dyk

© Omrop Fryslân
In Skandinavyske frachtwein soarge moandeitemiddei foar fertraging by it knooppunt Hearrenfean. De sjauffeur wie oan it beljen toen in flinke wynpûster opsetten kaam. Omt de auto leech wie, hie de wyn frij spul en waard de kombinaasje sa fan 'e dyk blaast.
Stadich ridend ferkear fan It Hearrenfean nei Drachten wie it gefolch. De sjauffeur hie neat, mar baalde wol bot omdat it syn eigen frachtwein wie.