Hooglandgemaal yn werking set

15 feb 2005 - 17:51

Wetterskip Fryslân hat it Hooglandgemaal by Starum opstart yn ferbân mei de protte reinwetter fan de ôfrûne dagen. It Hooglandgemaal waard sneon ynskeakele en draait noch hieltyd. Ek tiisdei moat it gemaal noch byspringe om it wetterpeil omleech te krijen.

De wetterstân leit acht sentimeter boppe it streefpeil. It is net nedich om ek it Woudagemaal by De Lemmer yn wurking te setten, seit it Wetterskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)