Opskuor oer byldetún Amelân

15 feb 2005 - 12:32

De byldetún op it Amelân wurdt minder grut dan yn de earste plannen. De gemeente woe mei byldhouwer Hein Mader in tún ynrjochtsje mei bylden. Der ûntstie lykwols in soad kommoasje op it eilân oer de kosten. De eilanners lêsden yn de krante dat it om 3,5 miljoen gie, mar it wie 3,5 ton.

Nei alle opskuor is de gemeenteried moandei akkoart gien mei in folle leger bedrach. Der wurdt no 75.000 euro beskikber steld foar de byldetún.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)