Nije wet: ferskillen yn soarch

© Omrop Fryslân
Gemeenten wurde fan 2006 ôf sels ferantwurdlik foar de sosjaal swakkeren troch de wet maatschappelijke ondersteuning, de WMO. No wurdt soks faak regele troch ûnder oaren de thússoarch en mantelsoargers.
Mar de gemeenten tinke dat dy nije wet net goed wurkje sil. Se binne benaud foar ûngelikenens yn gemeenten. Sa is it mooglik dat je yn de iene gemeente wol, en yn de oare net in rollator fergoede krije.