'Beswier meitsje fia e-mail'

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan D66 wol dat Friezen ek fia e-mail of faks beswier- en beropskriften yntsjinje kinne. By de provinsje Grinslân wurdt dêr in proef mei holden. Yn Fryslân kinne beswier- en beropskriften no allinnich noch mar per brief yntsjinne wurde.
De steatefraksje fan D66 wol dus dat dêr de mail en de faks bykomme. De fraksje wol fan Deputearre Steaten witte wannear't dêr yn Fryslân in mooglike proef mei útein sette kin.