Sterilisaasje sûnder narkose

© Omrop Fryslân
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten kin sûnt koart froulju sterilisearje sûnder dat dêrfoar narkose nedich is. De yngreep wurdt dêrmei folle minder swier foar de froulju. Ek hâlde sy der gjin littekens mear oan oer.
By de nije technyk wurdt der fanút de baarmoeder yn beide aailieders in spiraaltsje pleatst. De pasjint kint nei trije kertier wer nei hûs. Oant no ta waard de sterilisaasje fia de búk útfierd. Dêrfoar is wol narkose nedich.