Hearrenfean wachtet op subsydzje

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan Leefbaar Heerenveen wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente it Hearrenfean witte wêr't de subsydzjes bliuwe foar de nijboude ijshockeyhal fan Thialf.
De gemeenteried hat ferline jier in oerbrêgingskredyt beskikber steld fan 2,3 miljoen euro. Yn septimber hiene de subsydzjes binnen wêze moatten, of yn elts gefal de tasizzing dêrfoar. Mar fan beide is noch hieltyd gjin sprake.