Brân yn loads Aldehaske

© Omrop Fryslân
In koarte brân hat moandeitemiddei skea oanrjochte yn in loads oan 'e Jousterwei by Aldehaske. Foarbygongers seagen dat de flammen ta it dak út kamen en bellen de brânwacht. Binnen stiene oldtimers fan in partikulier.
It liet him ynearsten slim oansjen. Mar de auto dy't baarnde waard gau fûn en blust. It wie de auto dêr't de eigner de moarns noch mei dwaande west hie. De oare auto's ha reekskea oprûn. De oarsaak is noch ûnwis.