Ritsma hâldt op by TVM

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma wol sels in nij reedrydteam begjinne. De Lemster sil fan takom seizoen ôf net mear útkomme foar syn hjoeddeistige sponsor TVM. Hy is net tefreden mei de wurk- omstannichheden dêr. De groep soe te grut wurden wêze. Dêrtroch is er technysk achterút gien.
Neffens trainer Gerard Kemkers komt de breuk net ûnferwacht; it hat noait klikt tusken de TVM-ploech en Ritsma. Ritsma is sûnt 2000 by TVM.