Fertochte moard ek strjitrôver

14 feb 2005 - 14:05

De 19-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan kastelein De Jong fan kafee Nijlân yn Ljouwert, wurdt ek fertocht fan in tal strjitrôven. De plysje docht fierder gjin meidielings oer it ûndersyk. De man bliuwt tongersdei fêst sitten. Dan sil besjoen wurde oft hy noch langer fêsthâlden wurde mei.

De plysje wie de man op it spoar kommen troch ûnder oaren it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)