Eksplosive bommen op Flylân

14 feb 2005 - 12:12

Der wurde nije wike tolve eksplosive bommen ôfsmiten boppe de Vliehors op Flylân. It giet om in oefening troch Nederlânse F16's, dy't nije wike woansdei, tongersdei en freed hâlden wurdt. De bommen dy't ôfsmiten wurde binne 500-pûners.

Tidens de oefening rjochtet definsje in mjitpost yn op Texel. Dêr wurdt it waar en de lûdsoerlêst yn de gaten hâlden. Mocht de lûdsoerlêst te grut wêze, dan wurdt de oefening stillein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)