Opnij berôving yn Ljouwert

14 feb 2005 - 12:06

Opnij binne minsken yn de binnenstêd fan Ljouwert berôve. Twa froulju waarden by har auto op it Bonifatiusplein benadere troch twa manlju op in fyts.

Dy besochten om de tassen fan de skouders fan de froulju te lûken. Dat slagge mar by ien frou. De mannen naaiden doe út yn de rjochting fan de Oosterkade. De lêste tiid wurde yn Ljouwert geregeld minsken mei geweld fan har guod berôve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)