Foljebal: Froulju Snits ferlieze

© Omrop Fryslân
Yn in echte degradaasjewedstriid mei spanning en 'fjochtfoljebal' hat VC Snits sneon yn Vught mei 3-2 ferlern. De setstannen wiene 18-25, 26-24, 25-12, 22-25 en 15-9. Snits stiet no op it 9e plak.
Yn de lêste wedstriid tsjin AMVJ (tredde yn 'e earedivyzje) moat Snits minimaal 1 punt helje sadat der gjin degradaasje/promoasjewedstriden spile hoege te wurden.