Gaslek by Makkum
By Makkum is sneintemoarn in gaslek ûntstien njonken de dyk nei Wytmarsum. It lek waard feroarsake troch in auto dy't tsjin in gaskastje fan Essent oanriden wie. In hege druk-gaslieding waard dêrby rekke.
De brânwacht en gasbedriuw Essent waarden ynskeakele by it gaslek. Saakkundigen fan Essent ha it lek tydlik tichtmakke. It moat noch definityf tichtmakke wurde.