Minder greidefûgels yn Fryslân

13 feb 2005 - 15:58

It tal greidefûgels is yn 2004 fierder ôfnommen. Dat konkludearret Freek Nijland fan it Greidefûgelmjitnet Fryslân. It giet noch hieltyd min mei ûnder oare de skries. Sûnt 1996 is der by dizze soart in ôfgong fan mear as 40 persint registrearre.

Yn reservaatgebieten is ôfname minder grut as op it gewoane boerelân. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten meldt dat 70% fan alle nêsten útkaam binne. Dat is justjes better as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)