Brânwacht drok mei stoarm

13 feb 2005 - 15:56

De Fryske brânwacht hat it sneontemiddei en sneontejûn drok hân mei it fuortheljen fan omwaaide beammen fan diken en fytspaden. Meielkoar kamen dêr 26 meldings oer binnen.

In groep sporters fan Flylân moast sneontejûn sliepplak sykje oan de fêste wâl. Troch de hurde wyn koe de boat fan Harns nei Flylân net farre. Sneintemoarn waard fan 11.45 oere wer neffens de tsjinstregeling fearn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)