Stil konsert yn Ljouwert

13 feb 2005 - 15:29

In bysûnder optreden freed yn Sealen Schaaf yn Ljouwert. Dêr spile de band Solo. Yn de seal wie lykwols gjin lûd fan drums en gitaren, mar stilte... De besikers koenen dochs alles prima hearre, want elkenien harke nei it optreden fia in koptillefoan.

De besikers wiene tige entûsjast. Mei de koptillefoan op de holle giene se mear yn de muzyk op. Boppedat hiene se gjin lêst fan minsken om har hinne dy't troch de muzyk hinne praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)