Baan foar Drachtster fytsers

13 feb 2005 - 14:07

De hurdfytsers fan Wielervereniging Drachten kinne einlings goed traine. Nei fjouwer jier is der yn har plak in wielerbaan iepene, de twadde yn de provinsje. De baan is 1250 meter lang, mei klinkers en asfalt.

Op de baan kinne de fytsers feilich traine. En dat waard sneon dan ek al fûleindich dien, ek al wurke it waar net mei. De baan kin ek brûkt wurde as skeelerbaan. Nei de simmer moat it klubgebou en in tunnel ek klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)