Goed optreden Nijenhuis

13 feb 2005 - 14:06

By Wrâldbekerwedstriden sprint yn Erfurt hat reedrider Beorn Nijnenhuis aardich prestearre. Hy waard op de 500 meter, net syn bêste ôfstân, tsiende yn 35,53. Opfallend wie dat er deselde tiid ride as Wennemars en FitzRandolph. Winner Wotherspoon ride 35,20.

Op de 1000 meter waard nijenhuis tredde. Hy sette in tiid del fan 1.09,67. It poadium wie wer ris folslein Nederlânsk: Wennemars wûn yn 1.09,36, Bos wie twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)