Drachten: freugdefjoeren beheine

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân wol it tal freugdefjoeren by de âld en nij-fiering yn de takomst beheine. Dat is ien fan de wichtichste konklúzjes fan de gemeente yn de evaluaasje fan de ôfrûne jierwiksel.
De gemeente is oer it algemien goed te sprekken oer it ferrin fan de jierwiksel. De skea foel ta, yn ferhâlding ta eardere jierren. Mei elkoar wie de skea fan de lêste jierwiksel goed 50.000 euro.