Superbus ynstee fan Súderseeline

12 feb 2005 - 15:11

In nij te ûntwikkeljen superbus dy't 250 kilometer yn 'e oere ride kin, is in goed alternatyf foar de Suderseeline. Dat seit âld-astronaut Wubbo Ockels. Hy hat it idee ûnder de oandacht brocht fan de Twadde Keamer.

Ockels hat minister Peijs fan Ferkear om in subsydzje frege fan 3 miljoen euro om in proefmodel fan de superbus te ûntwikkeljen. Foar de superbus moatte spesjale betondiken oanlein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)