SKS-skipper Berend Mink hâldt op

© Omrop Fryslân
Skipper Berend Mink fan it Grouster skûtsje hat syn funskje dellein. Mink wol him de kommende fiif jier talizze op syn gewoane wurk, dêrnei tinkt er werom te kommen. Oft dat ek as skipper is, is net ôfpraat mei de kommisje dy't it Grouster skûtsje beheart.
De skûtsjekommisje is ferrast troch it beslút, mar seit der wol begryp foar te hawwen. Berend Mink wie sûnt 1988 skipper fan it Grouster skûtsje, as opfolger fan syn heit Joop Mink.