Oerfal nei fjouwer jier oplost

12 feb 2005 - 12:37

Mei de oanhâlding fan trije manlju is in oerfal fan fjouwer jier lyn oplost. It giet om in oerfal op in 69-jierrige man út Noardburgum. Hy waard op 18 jannewaris 2001 yn syn hûs oerfallen en rekke swier ferwûne.

De fertochten binne in 33-jierrige man út de gemeente Ljouwerteradiel en twa ynwenners fan it Hearrenfean fan 30 en 32 jier. De plysje koe se de ôfrûne wiken oanhâlde nei ferskate tips. Twa fan de fertochten ha bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)