Bestjoerders korporaasje opstapt

11 feb 2005 - 15:50

Corporatieholding Friesland moat op syk nei twa nije leden foar it bestjoer. Foarsitter Bakker en bestjoerder De Jong fan de divyzje Vastgoed hawwe har funksje ynlevere. De twa wiene inkele jierren lyn belutsen by de fúzje fan sân wenningkorporaasjes ta de holding.

Neffens de foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen binne de twa bestjoerders út eigen beweging opstapt. Se soene benammen ynteressearre wêze yn it foarm jaan fan de reorganisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)