Mear blêdkuorren Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De proef yn de gemeente Achtkarspelen om blêden fia kuorren yn te sammeljen, wurdt útwreide. Ofrûne hjerst stie der op tweintich lokaasjes yn de doarpen fan Achtkarspelen in blêdkoer. Dat wurde der tritich.
Yn de kuorren koene blêden smiten wurde dy't op stoepen en diken leinen. Dat waard manamachtich dien. Mei elkoar waard der 70 kuub oan blêdôffal ophelle. De gemeente seit dat der gjin oar ôffal yn de kuorren siet.