Friesland Vaart wol oer de grins

11 feb 2005 - 10:37

It wettersportevenemint Friesland Vaart moat yn 2006 de provinsje lanlik op de kaart sette. By de eardere edysjes yn 2002 en 1998 hie Friesland Vaart in soad omtinken yn de eigen regio, mar mar kwalik dêrbûten.

Troch de kombinaasje fan rekraasje, kultuer en wittenskip moat dat feroarje. Dat hat foarsitter Paques fan Friesland Vaart tongersdei sein. De float fan Friesland Vaart wurdt yn 2006 opdield yn twa rûtes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)