Mûtse ûndersocht op DNA-spoaren

© Omrop Fryslân
De mûtse fan de mooglike dieder fan de moard op de Ljouwerter kafeebaas Johan de Jong is foar ûndersyk opstjoerd nei it Nederlands Forensisch Instituut. De plysje hopet op de mûtse DNA-spoaren fan de dieder te finen.
De plysje hat moandei nei in útstjoering fan Opsporing Verzocht in tal tips krigen oer de mûtse. Dizze is grien fan kleur mei dêrop blauwe streken. It DNA-ûndersyk sil in pear wiken duorje.