Malletband spilet foar dowen

© Omrop Fryslân
Malletband Concordia fan Balk siket in goed eigen ûnderkommen. Earst mocht de band gebrûk meitsje fan it gebou fan de muzykferiening. Mar dêr moasten se út en sûnt dy tiid hie de band in swalkjend bestean.
It einpunt wie it clubgebou fan de doweferiening. Dêr sitte se sûnt twa jier, mar de souder is te leech foar de majorettes dy't de stokjes opsmite. Boppedat rinne der mûzen om en is de akoestyk min.