Restaurant betellet parkearjild

© Omrop Fryslân
Restaurant Quizin yn Ljouwert betellet fan moandei ôf twa wike lang it parkearjild foar gasten. De aksje is in protest tsjin it nije parkearbelied fan de gemeente. Fan 1 jannewaris ôf moat oant jûns 10 oere betelle wurde foar parkearen. De maksimale parkeartiid is in oere. Minsken moatte dus ûnder it iten nei de meter.
De gemeente wol dat mear minsken de auto yn de parkeargaraazje delsette. Dêr is gjin maksimale parkeartiid.