Beslút oer Sonacstank yn maart

10 feb 2005 - 14:17

De provinsje nimt op 1 maart in beslút oer de maatregels tsjin stankoerlêst by Sonac yn Sumar. Dat seit in wurdfierder fan de provinsje. De Rie fan Steat hie de provinsje yn novimber opdroegen om oer tsien wiken mei sa'n beslút te kommen. Dat hellet de provinsje net, mar 1 maart is wol helber.

De wurkgroep 'Gezond Tytjerksteradeel' hie om in oardiel frege oer de maatregels tsjin 'it stjonkfabryk' dat slachtôffal ferwurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)