Parkeartaryf Dokkum omleech

10 feb 2005 - 13:54

De gemeente Dongeradiel ferleget ûnder druk fan 'e publike opiny it parkeartaryf by de supermerken Aldi en C1000. Sûnt begjin dit jier is it taryf ferhege ta 1 euro, mar dat is no 70 eurosint wurden. It winkeljend publyk klage manmachtich. Der kaam sels in aksje fan middenstanners dy't parkearmeters ôfplakten.

Foar parkearen yn Dokkum moat ferskate bedraggen delteld wurde. Op guon plakken is it in euro foar in heal oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)