Waanders: Fertraging falt ta

10 feb 2005 - 12:37

De negative útspraak fan de Raad van State foar it bestimmingsplan fan de Ljouwerter nijbouwyk Súdlannen leveret net in grutte boufertraging op. Dat seit wethâlder Waanders fan Ljouwert. De Raad van State seit dat Ljouwert flaters makke hat mei it MER-rapport.

De gemeente moat no in nije proseduere starte mei wiidweidiger ûndersyk nei de gefolgen foar it miljeu. Om't Waanders de útspraak foarsjoen hie, is fêst in begjin makke mei it nije ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)