Iepenloft boatebeurs yn Ljouwert

10 feb 2005 - 12:10

De Prinsetún yn Ljouwert is in moai plakje foar in boatebeurs yn 'e iepenloft. It FEC is dêroer yn ûnderhanneling mei de gemeente. Mooglik kin de iepenloftboatebeurs takom jier al plakfine. De organisaasje ferwachtet goed 30.000 ekstra besikers, lykas ek by de Hiswa yn Amsterdam.

De yndoarbeurs 'Boot 2005' belibbe woansdei syn lêste dei. Mei 54.000 besikers kamen der mear minsken nei it FEC as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)