Ferbod sâltwinning Frisia Sâlt

© Omrop Fryslân
Frisia Sâlt yn Harns mei foarearst gjin sâlt mear winne út de âlde sâltput by Seisbierrum. Dat hat de mynkommisje Fryslân woansdei besletten. Yn de mynkommisje sitte saakkundigen en bestjoerders.
Oanlieding fan it beslút fan de mynkommisje is de oanfraach foar ekstra sâltwinning troch Frisia Sâlt út de âlde winput. De mynkommisje wol earst ûndersykje wat de gefolgen dêrfan binne. Ein maart nimme se in beslút.