Klacht oer B en W Kollumerlân

10 feb 2005 - 11:24

In groep ynwenners fan Aldwâld klaget by de provinsje B en W fan Kollumerlân. It konflikt giet oer it pjutteboartersplak. Dat sit no by de kristlike basisskoalle yn. Soks kostet de iepenbiere skoalle learlingen.

De aksjegroep stelt no as neutrale lokaasje it eardere tsjerklike ferieningsgebou foar, mar dat foarstel is net ûntfanklik ferklearre troch B en W. De groep hat no in lilke brief oan deputearre Mulder stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)