Ljouwert: werom yn arbeidsproses

© Omrop Fryslân
Ljouwert stekt goed 15 miljoen euro yn reyntegraasje en subsidiearre banen. Dêrmei moatte 1250 minsken yn de bystân, mei in ID- of WIW-baan in reguliere baan baan fine. Dêr is 5 miljoen euro foar beskikber steld. Reyntegraasje wurdt dien troch Kliq, Randstad en Reax. Dy lêste docht ek de begelieding fan 'e subsidiearre banen. Dêr is 10 miljoen euro foar beskikber. Yn Ljouwert hawwe seishûndert minsken in subsidiearre baan.