Stipe foar plattelânsfernijing

10 feb 2005 - 07:48

De jildpot fan de provinsje foar plattelânsfernijing is ferdield oer trije projekten. De Aldfaers Erf Rûte krijt 150.000 euro foar it fernijen fan de museumrûte yn Noardwest-Fryslân. Sa wurdt Allingastate oankocht en ynrjocht. Fierder giet der 60.000 euro nei de stichting Het Bildt 500. Dy organisearret aktiviteiten om't it Bilt dit jier 500 jier bestiet.

Ta beslút giet der 30.000 euro nei de restauraasje fan in Warkumer fiskerboat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)