Noardlike kadasters bot troffen

09 feb 2005 - 23:01

Wethâlder van Mourik leit him net samar del by de sluting fan it Kadaster yn Ljouwert. De hûndert meiwurkers wurde oerpleatst nei Grins. De wethâlder sil it Ryk derop oansprekke dat it Noarden navenant in soad banen ynleverje moat mei de sluting fan twa Kadasters. It kantoar yn Assen giet ek ticht.

Transportbedriuw Salvesen ferdwynt ek út Ljouwert, in ferlies fan 48 banen. Dochs binne der fan 2000 oan 2005 sân prosint mear banen bykommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)