Streek troch bou Súdlannen

09 feb 2005 - 23:00

De gemeente Ljouwert kin noch net út ein sette mei de bou fan 1900 wenten yn de wyk Súdlannen by Goutum. It bestimmingsplan is troch de Rie fan Steat ferneatige. De gemeente hie in saneamde Miljeu Effekt Rapportaazje-stúdzje meitsje litte moatten, mar dat is net dien.

De útspraak is in opstekker foar guon omwenners en foar Doarpsbelang Goutum. Foar de gemeente Ljouwert is de útspraak in grutte teloarstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)