Nije tips yn moardsaak Nijlân

© Omrop Fryslân
It televyzjeprogramma Opsporing Verzocht hat de plysje Fryslân tsien nije tips oplevere oer de moard op in kafeebaas yn Ljouwert. Opsporing Verzocht joech ôfrûne moandei omtinken oan dy moard. Yn it programma waard ûnder oare ynformaasje frege oer in âldere man, dy't de jûn fan de moard sjoen is by it kafee Nijlân.
De nije tips wurde op dit stuit troch de plysje ûndersocht. Foar de gouden tip leit 15.000 euro klear.