Fergees ID-pas foar minima

09 feb 2005 - 16:56

Minima yn Dongeradiel krije nei alle gedachten fergees in ID-pas. Nei de PvdA is no ek it CDA foar dat plan. CDA'er Tettie Stiemsma sil op de folgjende riedsgearkomste in foarstel dêrta yntsjinje.

De maatregel moat net tydlik wêze, mar foar langere tiid jilde. Fierders moatte minima dy't al sa'n pas oanskaft hawwe, it jild dêrfoar weromkrije. Mei twa partijen kin it plan rekkenje op de mearderheid yn 'e gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)