UPC betellet goed 7 ton

© Omrop Fryslân
Nei lang ûnderhanneljen mei UPC krijt de gemeente Smellingerlân 760.000 euro fan de kabeleksploitant. Smellingerlân socht eins nei juridyske mooglikheden om de taryfsferheging fan UPC tsjin te gean, mar út fergelykbere saken die bliken dat it gjin sin hie om nei de rjochter te stappen.
Smellingerlân hie in kontrakt mei UPC wêryn't de standerttariven yn fêstlein wiene. Doe't UPC de tariven ferhege kaam de gemeente yn aksje.