Wetterskip:sâltwinning stopsette

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân wol dat der fuortendaliks ophâlden wurdt mei sâltwinning by Seisbierrum en freget him ôf of it wol ferstannich is om troch te gean mei sâltboarrings yn de buert fan Tsjummearum en Easterbierrum.
De grûn fersakket by Seisbierrum 32 sentimeter, wylst neffens it Wetterskip ôfpraat is dat mear as 35 sentimeter net ferantwurde is. De grûn sil út himsels noch wol wat sakje. Dêrom moat der ophâlden wurde mei de sâltwinning.