Net buorkje fanwege grûndelgong

© Omrop Fryslân
Boeren yn it gebiet fan Easterbierrum en Tsjummearum moatte foar in part oerskeakelje fan grutskalige ikkerbou nei oare foarmen fan lânbou. Dat advys jout Wetterskip Fryslân de provinsje.
Troch de ferwachte grûndelgong fanwege de sâltwinning is der letter in hiel detaillearde wetterhúshâlding nedich. It Wetterskip kin dan net garandearje dat it droech genôch bliuwt om oeral te buorkjen. Der moat mear romte foar wetterberging komme.